De earste wedstriid hawwe we hân: it Keningskeatsen! Om 09.30 oere binne we begûn mei 25 bern op it fjild. Moaie partijen ha we sjoen. Middeis wiene der 26 minsken yn aksje. Meardere kearen wie it 5-5 en
6-6 en we hiene prachtich moai waar.
Tank foar jimme dielname en in lokwinsk foar de winners 🥳