Op 27 april wie ús earste ledepartij fan dit seizoen. We hiene der moai waar by en der is moaie striid levere op it fjild.
It keningskeatsen foel midden yn de maaiefakânsje, dêrtroch moasten wy as jeugdbestjoer noch even ús bêst dwaan om sommige kategoryen kompleet te krijen.
By de skoaljeugd wie it in spannende striid tusken Ids, Doutsen, Sanne en Jesse. By dizze groep sjochst dat se wille ha om meielkoar te keatsen, mar elkoar gjin kadootsjes gunne. Der wurdt folop striid levere om de felbegearde krâns. It siet ticht byelkoar mar úteinljk is Jesse mei de krâns nei hûs gong.
By de pupillen stiene der 6 partoeren op de list. Der wie in A en B pûl. Ek hjirre is it moai om te sjen dat de bern elkoar helpe en oanmoedigje ek al is it dyn tsjinstanner. Dat betsjut net dat der gjin striid wie, wat hawwe we moaie op– en útslaggen sjoen.
In de finale stiene Jesmer Jan en Suze tsjin Fedde Tabe en Pieter. Wat in spannende finale. Se ha fochten foar elk punt. It wiene Jesmer Jan en Suze dy’t oan it langste ein lutsen en de krâns omhongen krigen.
De jongste groep wie in moaie miks mei begjinnende keatsers en keatsers dy’t faker meidien hiene. Der wiene fjouwer partoeren. De begjinnende keatsers sieten ferdield oer de partoeren. Se waarden by de hân naam troch de mear betûfte keatsers. Geduldich útlizze as ien it net begriep. ‘Hâld dyn han mar goed rjocht’, ‘Jammer oare kear hast him’ wiene in oantal gjalpen dy’t oar it fjild klonken. Ek yn dizze groep waard der fanatyk keatst. It publyk waard traktearre op moaie pleatste opslaggen, hearlike boppeslaggen en prachtich tuskenspul. De striid om it earste plak gong hjir tusken Wisse, Brend en Arany tsjin Redmer, Yesper en Jetske. Nei in spannende finale wiene it Redmer, Yesper en Jetske dy’t de krâns omhongen krigen.
Foar ús as jeugdbestjoer wie dit de earste fan it jier. As dit in foarboade is foar it rest fan it seizoen, dan steane ús noch prachtige partijen te wachtsjen.