Achte takomstige Keatskammeraat,
Wat geweldich dat jo ús klup stypje wolle troch keatskammeraat te wurden!
Wat hâldt Keatskammeraat no eins yn. Foar in jierlikse ynlis fan minimaal € 25,00 stypje jo ús feriening. Us earste doel is om hjirmei grutte en djoere KNKB-partijen te bekostigjen. Mar fansels kinne wy, mocht de romte der wêze, dizze finansjele stipe ek brûke foar oanskaf fan materialen foar bygelyks trainingsartikels. En der kin ek wat oars fan organisearre wurde, tink oan in leuke keatsclinic foar doarpsgenoaten. Fansels is it ek de bedoeling dat de jeugd hjirfan meiprofitearje kin.
Wat hâldt dit foar jo yn? Jo namme komt te stean op it prachtige keatskammeraatboerd, dat yn de sportkantine hinget. Dizze namme kinne jo sels opjaan mei ûndersteand formulier. Boppedat wurdt jo namme neamd yn it programma boekje fan de Merkepartij, dêrby kinne jo ek in fermelding dwaan fan bygelyks jo website en/of telefoannûmer. Dit kinne jo ek opjaan mei ûndersteand formulier. Wolle jo jo namme leaver net op it boerd of yn it programmaboekje hawwe, dan kinne jo dit hjir ek op oanjaan, troch bygelyks NVT op te skriuwen.
Jo jouwe de feriening in machtiging om alle jierren op syn minst € 25,00 fan jo rekken ôf te skriuwen. Dy machtiging is oanhâldend ta weropsizzing. Opsizzing kin fia it bestjoer fan de keatsferiening jierliks foar 1 jannewaris. By opsizzing nei 1 jannewaris binne jo dat jier noch Keatskammeraat. It bedrach wurdt alle jierren yn oktober fan jo bankrekken ôfskreaun.
Mochten der noch fragen of opmerkingen wêze nei oanlieding fan boppesteand skriuwen, dan kinne jo in email stjoere oan kfjanreitsma@gmail.com of kontakt opnimme mei Jelmer Lageveen, Kirsten Jorritsma as Sjoerd Hofstee fan de sponsorkommisje. Hertlik betanke foar jo stipe oan ús feriening.
Download hjir it oanmeldformulier
Geachte toekomstige Keatskammeraat,
Wat geweldig dat u onze club wilt steunen door keatskammeraat te worden.
Wat houd Keatskammeraat nu eigenlijk in? Voor een jaarlijkse inleg van minimaal € 2500 per jaar steunt u onze vereniging. Ons eerste doel is om hiermee een jaarlijkse dure en grote KNKB-partij mee te bekostigen. Echter natuurlijk kunnen we, mocht de ruimte er zijn, deze financiële steun ook gebruiken voor aanschaf van materialen voor bijvoorbeeld trainingsartikelen. Maar er kan ook iets anders van georganiseerd worden, denk aan een leuke kaatsclinic voor dorpsgenoten. Natuurlijk is het ook de bedoeling dat de jeugd hiervan kan meeprofiteren.
Wat houd dit voor u in? Uw naam komt te staan op het prachtige keatskammeraatbord, welke in de sportQlubb hangt. Deze naam kunt u zelf opgeven middels onderstaand formulier. Tevens wordt uw naam vermeld in het programma boekje van de Merkepartij, hierbij kunt u ook een vermelding doen van bijvoorbeeld uw website en/of telefoonnummer. Ook dit kunt u opgeven middels onderstaand formulier.
Wilt u uw naam liever niet op het bord of in het programmaboekje hebben dan kunt u dit hier ook op aangeven, door bijvoorbeeld NVT op te schrijven.
U geeft de vereniging een machtiging om jaarlijks minimaal € 2500 van uw rekening af te schrijven. Deze machtiging is doorlopend tot wederopzegging. Opzeggen kan via het bestuur van de kaatsvereniging jaarlijks voor 1 januari. Bij opzegging na 1 januari bent u dat jaar nog Keatskammeraat. Het bedrag wordt jaarlijks in oktober van uw bankrekening afgeschreven.
Mochten er nog vragen of opmerkingen zijn naar aanleiding van bovenstaand schrijven, dan kunt u een email sturen aan kfjanreitsma@gmail.com of contact opnemen met Kirsten Jorritsma, Jelmer Lageveen of Sjoerd Hofstee van de sponsorcommissie.