Op 15 maart wie it safier. Lykas in jier tebek mei it tennis op ‘en paad om in oar spultsje út te sykjen: Pickleball.

Dit spultsje wurdt al oer de hiele wrâld spile en is in krusing tusken tennis, badminton en tafeltennis. Mei 16 frou/man op nei Wommels, dêr’t in Pickleballfjild oanlein is, fjouwer fjilden passe op ien tennisfjild. Der wurdt spile mei in hurde plestik bal mei gatten en tichte rackets/bats om mei te slaan. Leechdrompelich om te dwaan, sawol dûbel as single, alles kin. Mei ús sechtjinnen koene we ús ûnder in hearlik sintsje hielendal útlibje. Konklúzje: leuk spultsje om te dwaan. Wa wit is it wat om troch tennis yn Reduzum op te pakken!