De earste wedstriid fan dit jier is in feit. Fjouwer jeugdleden en seis senioaren sammelen harren yn de sporthal fan Grou. Alle kearen mei in oare maat, hat elkenien trije wedstriden spile, ûnder lieding fan Anton en Willem. Nei de tiid wie der in gesellige buorrel yn de sportkantine fan Reduzum, dêr’t ek de prizen útrikt binne. Lokwinske allegear!