Dit jier dogge we wer mei oan de jeugdsponsoraksje fan Poiesz Supermarkten. Wy wolle safolle mooglik munten yn ‘e koker fan ús klup hawwe. Hoe mear punten wy sammelje, hoe heger it sponsorbedrach dat keatsferiening Jan Reitsma Reduzum krijt. Us koker stiet dit jier by de Poiesz yn Grou. Dogge jo by in oare Poiesz boadskippen, dan kinne de munten ek ynlevere wurde op D.S. Bangmastrjitte 13.