As bestjoer besykje we foar elk wer in moai en noflik seizoen gear te stallen. Mei trainingen, wedstriden en besibbe saken. Omdat allegearre útfiere te kinnen doch ik in berop op jimme.

Bygeande link nei in digitaal formulier. Yn dit formulier kinst oanjaan ast belangstelling of in antwurd hast op de fragen steld yn it understeande dokumint. Ek is der romte foar opmerkings en ideeën. Ik fersykje jimme mei klam om de link oan te klikken en efkes in pear minuten de tiid te nimmen om de fragen by del te gean. Alfêst tige tank!!

Link nei digitaal antwurdformulier

As bestjoer besykje we foar elk wer in moai en noflik seizoen gear te stallen. Mei trainingen, wedstriden en besibbe saken. Omdat allegearre útfiere te kinnen doch ik in berop op jimme.

Help mei:
· Trainen
· Wedstriden/kompetysjes
· Fjildlizzen en karmasters
· Kantinetsjinst
· Skjinmeitsjen kantine en klaairomten

Trainen
Der wurdt no al traind yn de seal, mar yn april fansels ek wer op it fjild. Ut de ‘brainstoarmjûn is û.o. kommen dat we graach ploechjes fan 10-12 bern meitsje wolle. Dan kin in trainer mear en better oandacht hawwe foar dizze bern. Dat betsjut wol dat der mear trainers en/of helptrainers nedich binne. Foar no liket in oplossing wêze te kinnen dat de jongste bern earst in 45-60 minuten traine en dêrnei de wat âlderen. Sadat guon trainers twa kear in ploechje traine. Mar ek derby soe it fijn wêze as der 1 of 2 helptrainers per ploechje binne. Der binne ek opliedings ta (help) trainer, yn it winterskoft de oplieding en dan yn de simmer de praktyk. Hoe liket dat?

 

Wedstriden om utens
Foar ôfdielingswedstriden is it moai as in team in coach mei hat foar begelieding mei en rûn de wedstriid. Fielst der wat foar?

Wedstriden op it eigen fjild
Soest it aardich fine om mei te helpen by it organisearjen? Of wolst in kompleet nije wedstriid betinke/organisearje? Wolsto assistearje mei de ‘innerlijke’ fersoarging (‘catering’) fan de oanwêzige frijwilligers en skiedsrjochters? Of bisto goed yn opromjen? Nei de wedstriid moat it fjild wer leech.

Kompetysjes
We hawwe in ferskaat oan kompetysjes: jeugd (yn ferskillende kategoryen), senioaren (manlju en froulju, jong en wat âlder of in miks), mar ek Jeu de Pelote en muorrekeatsen. Foar elk fan dizze kompetysjes binne der al ‘lieders’, mar dy kinne net altyd of soene miskien wolris it stokje nei in oantal jierren trochjaan wolle. Is it wat foar dy?
Miskien wolst dy ynsette foar in twadde ploechje muorrekeatsers? Elke freed yn de simmer is der al in ploechje dy’t ûndertusken al aardich ûnderfining hat, mar mooglik binne der guon dy’t lekker balje wolle op in ‘gesellichheids’ nivo. In oare dei en/of middeis? Roept u maar!

Fjildlizzen en kantine
Foar it lizzen fan de kriten en de besetting yn de kantine diele we jimme wer yn om efkes in oerke of twa te helpen foarôfgeande of mei in wedstriid. Dizze skema’s stean op ús webside. Ruilje ensfh. kinne jim ûnderling. Fierder kinst op de webside ek de ynhâld fan de funksjes fine. Wat wurdt der fan dy ferwachte kwa fjildlizzen of kantinetsjinst.

Karmasters en skiedsrjochters
As we foldwaan wolle oan de KNKB regels binne der per fjild/krite sa’n 14 karmasters nedich. Somtiden hawwe we wolris (fanwege de grutte oantallen opjeftes) 2 of 3 fjilden. Dat betsjut in soad karmasters. Nim bygelyks 3 maaie de froulju haadklasse of 14 juny de welpen A+B, dan binne der wer hiel wat karmasters nedich. Op in line sitte of stean, it is wier net dreech, hoechst it spul eins net iens hielendal te begripen. Mar foar de keatsers en it spul is it dochs wichtich.
Sa no en dan moatte we ek in ‘klupskiedsrjochter’ leverje, lokkich binne der in tal frijwilligers dy’t dat mei leafde dogge. Mar om it foar de takomst te boargjen soene 1 as 2 nije gesichten geweldich wêze. Hast hjir earen nei en soest wol de oplieding ta klupskiedsrjochter folgje wolle?

Skjinmeitsjen
Twa kear yn it jier hawwe we in grut skjinmakmomint. Ek hjirfoar wurde in oantal fan jimme yndield om de saken ris goed nei te rinnen en skjin te meitsjen. De rest fan it seizoen is it de bedoeling dat wysels de romten netsjes, drûch en ‘veegschoon’ efterlitte nei it brûken fan dy romte.

Dêrnei komt der immen dy’t it foar ús himmelet, tsjin in frijwilligersfergoeding. Mar dan moat it fansels al opromme wêze. Se hat gjin tiid om dat der ek noch by te dwaan.

Bestjoer en kommisje(s)
Willem sil it haadbestjoer ferlitte en ek Annie en Kirsten stopje by de jeugdkommisje. Is it wat foar dy om harren plakken yn te foljen? Fielst mear foar in spesifike taak? De kommisjes sponsor, TC, krânsen en fjild hawwe it goed op ’e rit mar in pear ekstra hannen is noflik. As koördinator, as makker fan in skema, allerhande lytse putsjes dyst it bestjoer út hannen nimme kinst. 

Al mei al in hiel soad ferskaat oan wurksumheden. Soms sit der wat mear tiid yn, soms in oerke.