Keningskeatsen jeugd
Kâns op in krâns mei it Keningskeatsen op snein 26 april. De welpen, pupillen & skoaljeugd begjinne om 9.30 oere. Opjaan kin by Debby Koot oant tiisdei 21 april 19.00 oere. Wy ha der wer sin oan!
Kâns op in krâns mei it Keningskeatsen op snein 26 april. De welpen, pupillen & skoaljeugd begjinne om 9.30 oere. Opjaan kin by Debby Koot oant tiisdei 21 april 19.00 oere. Wy ha der wer sin oan!
It moaie waar komt der oan, we hawwe der wer sin oan!Oant moandei
Keatsclinic fan de toppers fan Team Puur Passie! Falsto mei dyn leeftiid yn de kategory kabouter o/m jonges/famkes en wennest yn Friens, Idaerd of Reduzum? Dan is dit dyn kâns om it keatsen fan de alderbêsten te learen! Op snein 19 april 2026 komt Team Puur Passie nei it sportfjild yn Reduzum. Se litte harren […]
Op 15 maart wie it safier. Lykas in jier tebek mei it tennis op ‘en paad om in oar spultsje út te sykjen: Pickleball. Dit spultsje wurdt al oer de hiele wrâld spile en is in krusing tusken tennis, badminton en tafeltennis. Mei 16 frou/man op nei Wommels, dêr’t in Pickleballfjild oanlein is, fjouwer fjilden […]
De earste krâns hinget oan in muorre yn Reduzum. 3 froulju hawwe de foarjierspartij yn de sporthal fan Sint-Anne spile. In pear moaie aksjefoto’s koe ik net foar jimme efterhâlde.
Dit jier dogge we wer mei oan de jeugdsponsoraksje fan Poiesz Supermarkten. Wy wolle safolle mooglik munten yn ‘e koker fan ús klup hawwe. Hoe mear punten wy sammelje, hoe heger it sponsorbedrach dat keatsferiening Jan Reitsma Reduzum krijt. Us koker stiet dit jier by de Poiesz yn Grou. Dogge jo by in oare Poiesz […]
As bestjoer besykje we foar elk wer in moai en noflik seizoen gear te stallen. Mei trainingen, wedstriden en besibbe saken. Omdat allegearre útfiere te kinnen doch ik in berop op jimme. Bygeande link nei in digitaal formulier. Yn dit formulier kinst oanjaan ast belangstelling of in antwurd hast op de fragen steld yn it […]
Hawwe jo in priis wûn. Meld jo dan fia mail of bestjoerslid.