Wat ha we in moaie dei hân! Nei in flinke bui fanacht is it lekker ôfkuolle om de dei te begjinnen. Fan ‘e moarn om 8.45 oere gesellich mei syn allen op ‘e fyts nei Wytgaard. Spannende partijen ha we sjoen. Uteinlik hat Reduzum de wikselbokaal mei nei hûs nommen, mei in foarsprong fan hast 2 earsten. Goed dien toppers!